Latynsk-Faliskyske talen

Latynsk-Faliskyske talen
algemien
lokaasje westkust fan sintraal Itaalje
tal talen ±4
tal sprekkers 0 () of 800 miljoen (sjoch tekst)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italysk
      ● Latynsk-Faliskysk
subgroepen Faliskysk
Lanûviaansk
Latyn
Prenestynsk

De Latynsk-Faliskyske talen foarmje in taalgroep fan 'e Italyske talen mei in fersprieding dy't yn healwei it earste milennium f.Kr. beheind wie ta de westkust fan it sintrale diel fan it Italjaansk Skiereilân. De talen waarden dêr fan likernôch 1200 f.Kr. ôf sprutsen, en binne fan 'e sânde iuw f.Kr. ôf skriftlik oerlevere yn Alditalyske skriften. De wichtichste taal fan 'e groep wie it Latyn, dat meitiid as de offisjele taal fan 'e stêdsteat Rome en letter fan 'e Romeinske Republyk en it Romeinske Ryk alle oare talen yn Itaalje ta útstjerren ferkrong. It Faliskysk stoar sadwaande yn 'e twadde iuw f.Kr. út. De oare beide talen fan 'e groep, it Lanûviaansk en it Prenestynsk, wurde troch saakkundigen faak as argayske dialekten fan it Latyn beskôge. Hoewol't de Latynsk-Faliskyske talen sûnt it begjin fan 'e Midsiuwen, nei it útstjerren fan it Latyn, net mear as memmetaal sprutsen wurde, hawwe de Romaanske talen, dy't har út it Latyn ûntwikkelen, tsjintwurdich sa'n 800 miljoen sprekkers.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search